Auto knalt troch garaazje

25 jul 2013 - 10:20

In 19-jierrige autobestjoerder út Holwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Hallum ferwûne rekke. De man ried mei hege snelheid oer it hiem by in hûs oan de Langebuorren. Hy botste tsjin in parkearde auto. Dy skeat troch en rekke de garaazje. In part fan de muorren stoarte dêrtroch yn.

De bestjoerder koe sels út de auto komme, mar wie ferwûne rekke by de botsing. De man is mei de ambulânse nei it plysjeburo brocht.

Earder yn de nacht hie de Holwerter al in stopteken fan de plysje negearre en wie er útnaaid. Nei alle gedachten wie der alkohol yn it spul. It rydbewiis fan de man is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)