Auto fol yllegaal fjoerwurk

31 okt 2010 - 20:06

In ynwenner fan Donkerbroek is yn Oerisel betrape mei 3200 kilo yllegaal fjoerwurk yn syn bestelauto. De man(28) waard troch de plysje oanhâlden op de A28 by Nieuwleusen omdat it fermoeden bestie dat syn auto te swier laden wie. Op in weachbrêge die bliken dat dat it gefal wie en dat de lading út it fjoerwurk bestie.

It út België ôfkomstige fjoerwurk is troch de plysje yn beslach naam. De man is fêstset op it buro. Der wurdt noch fierder ûndersyk nei him dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)