Auto fljocht út de bocht op ôfrit A7 by Drachten

14 feb 2015 - 13:56

Op de ôfrit fan de Wâldwei nei de A7 rjochting Grins is sneontemoarn in frou mei de auto fan de dyk rekke. De auto bedarre op de sydkant. De frou koe sels út de auto komme. Se is opfongen troch ambulânsemeiwurkers. Se mankearde neat.

Meiwurkers fan de brânwacht hawwe de auto wer oerein set. Dêrnei hat in berger de auto fuortsleept. It ferkear hat gjin lêst hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)