Auto fljocht oer twa sleatten

28 okt 2008 - 10:19

Op de A6 by Sint Nyk is in 24-jierrige autobestjoerder fan De Jouwer ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried fan De Lemmer nei De Jouwer doe't er by it ynheljen fan in auto de macht oer it stjoer ferlear en fan de dyk ôfrekke.

Fia in daam fleach de auto oer in sleat, dêrnei noch oer in twadde, pas by in tredde sleat kaam de auto ta stilstân. De man is mei ferwûnings oan it gesicht nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)