Auto fleant oer fangrail op A7

01 apr 2007 - 15:00

Op de A7 hat sneontejûn in ûngelok plakfûn. In automobilist (45) út Mearum ried mei syn auto mei passazjiere yn de rjochting fan It Hearrenfean doe't er ynienen de kontrôle oer syn auto ferlear. De auto sloech oer de kop en fleach oer de fangrail nei de oare side fan de dyk.

Hy rekke dêr de achterkant fan in oare auto, bestjoerd troch in Rottumer (65). Dizze kaam mei de skrik frij. De Mearumer wie ferwûne oan de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)