Auto fernield yn Hurdegaryp

05 mrt 2012 - 12:07

De plysje ûndersiket de fernielerij fan in auto, dy't parkeard stie oan de Stasjonswei yn Hurdegaryp. De fernieling hat nei alle gedachten yn de nacht fan sneon op snein plakfûn. Om in oere as 4 waard in buorman doe even wekker fan leven bûtendoar.

Doe't er de oare moarns nei bûten gie, seach er dat de ruten fan auto fan syn buorman ynslein wiene. De eigner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)