Auto fermoarde man fûn

02 feb 2005 - 08:34

De Mercedes fan de ferline wike fermoarde Libbe de Jong fan Wolvegea is tiisdei fûn. Wêr krekt wol de plysje net sizze. It is wol bekend dat de auto earne yn Fryslân stie. Hy wurdt op it stuit op spoaren ûndersocht.

De Mercedes koe opspoard wurde nei oanlieding fan in tip. De saak is moandeitejûn behannele yn it tillefyzjeprogramma 'Opsporing Verzocht'. Dat smiet 41 tips op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)