Auto fergees by oankeap hûs

24 des 2008 - 16:43
  • Wa't dit hûs keapet krijt der in auto by...

Je keapje in hûs en krije der in auto fergees by. No't it sa min giet op'e huzemerk fiele guon ferkeapers en makelders harren twongen om te stunten.

De wente fan de famylje Post fan It Hearrenfean stiet al hast in jier leech. Om hjir wat oan te dwaan wol de famylje de keaper der in auto by jaan foar 10.000 euro. De takomstige keaper mei yn plak fan in auto ek foar in nije keuken of in koarting fan tsien tûzen euro op de fraachpriis kieze. De NVM begrypt de aksje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)