Auto fan helper rôlet fan talúd N31 by Warten

26 jun 2015 - 08:20
  • Mei in kabel waard de auto wer hoeden op de dyk lutsen....

De auto fan in man dy't helpe woe by in pechgefal op de N31 by Warten is tongersdeitejûn fan it talúd ôfrolle. De auto bedarre tweintich meter fierderop yn de boskjes. De man wie nei alle gedachten fergetten om syn auto op de hânrem te setten. In berger hat de auto wer nei boppe takele en meinaam.

De auto dy't mei pech lâns de dyk stie, is ek meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)