Auto fan de plysje fernield

16 aug 2011 - 14:43
  • Foto's: http://112heterdaad.com/

De plysje siket op de webside dadergezocht.nl minsken dy't mear witte fan it fernielen fan in plysje-auto. Dy stie sneontejûn parkeard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Doe't de plysjes nei it metalfestival wer by de auto kamen, die bliken dat dy fernield wie. Sa wiene ûnder oare de ruten ynsmiten en de bûtenspegels fernield.

De plysje hat op de webside foto's set fan de auto. Minsken dy't mear witte, wurdt frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)