Auto fan de gemeente Ljouwert útbaarnd

20 maaie 2015 - 08:41

In auto fan stedstafersjoch fan de gemeente Ljouwert is woansdeitemoarn betiid útbaarnd. De auto stie parkeard foar it kantoar oan de Grienewei. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat der in soad skea ûntstie.

In twadde auto rekke skansearre troch de hjitte fan it fjoer. De plysje is dwaande mei ûndersyk om't de brân nei alle gedachten oanstutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)