Auto fan de dyk ôfriden

31 okt 2009 - 14:18

Op de A32 by Haskerdiken is freedtejûn in man (26) út Lelystêd fan de dyk riden. De plysje is op syk nei de feroarsaker fan it ûngelok, dy't trochriden is.

In bestelauto fan it type Volkswein Caddy helle in tal auto's yn en gie achter de automobilist út Lelystêd riden. Ynienen wykte de bestelauto út nei links en botste op de auto foar him. De bestjoerder fan dy auto ferlear de macht oer it stjoer en fleach yn de fangrail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)