Auto fan de dyk by Appelskea

08 jun 2008 - 13:01

In automobilist (20) út Easterwâlde is sneon fan de dyk rekke op de N381 by Appelskea. De man skrok bot fan in ree dy't samar oerstuts en ferlear de macht oer it stjoer. Hy rekke twa beammen foardat er yn de bjirm ta stilstân kaam.

De bestjoerder en in twadde persoan dy't yn de auto siet, binne mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)