Auto falt op man: slimferwûne

15 maaie 2010 - 15:12
  • Foto: Wido van Doorn 112nederland.nl

In man út Surhústerfean is sneontemiddei slim ferwûne rekke neidat by it klussen syn auto op him fallen wie. Nei alle gedachten is de auto fan 'e krik fallen. De man kaam dêrtroch fêst te sitten ûnder de wein.

Twa ambulânses en de traumahelikopter rukten út om de man te helpen. De brânwacht kaam deroan te pas om de auto omheech te krijen. De Feanster is mei de sikeauto nei it sikehûs fan Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)