Auto en pakjes hea stellen

13 aug 2009 - 10:08

It ferlies fan har hântas is djoer útfallen foar in frou út Drachten. Yn de tas siet ek de kaai fan har auto. Mei dy kaai is de auto stellen. De auto, in Mazda Demio, stie foar in wenning oan de Nova Cura yn Drachten.

In opmerklike stellerij by Wolvegea. Fan in stik lân oan de Stellingenwei binne 150 pakjes hea stellen. Mooglik hawwe de dieven de pakjes sjoen fan de A32 ôf dêr't it lân neist leit. Yn de greide wiene spoaren fan in auto of trekker te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)