Auto- en motorûngelok op de N357 tusken Holwert en Blije

27 okt 2015 - 09:35
  • De auto en de motor op de Ljouwerterdyk by Blije

Op de Ljouwerterdyk, N357, tusken Holwert en Blije wiene moandeitejûn koart neielkoar twa ûngelokken. In auto rekke troch klaai en modder op 'e dyk yn in slip en belâne yn de greppel. In pear minuten letter kaam op dat plak een motorrider lâns, dy't troch de glêdens foel. Meardere plysjeauto's en in ambulânse moasten nei de ûngemakken om help te ferlienen.

Beide bestjoerders koene nei medysk ûndersyk thúsbrocht wurde. Ek de Ferkearsûngefallen Analyze wie oanwêzich om it ûndersyk nei de ûngelokken yn kaart te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)