Auto en caravan útbaarnd

05 sep 2012 - 10:18

Yn Drachten binne tiisdeitenacht binnen in kertier tiid in auto en in caravan útbaarnd. Dat wie oan de Flevo en de Hunze. De troffen auto stiet njonken de caravan. In tsjûge hie fuortendaliks de brânwacht belle, mar dy koe net foarkomme dat twa oare auto's dy't tichtby de caravan stiene ek skea oprûnen.

De plysje slút brânstichting net út. Der is in ûndersyk ynsteld. Woansdei wurdt dêrfoar buertûndersyk dien. De plysje sil ekstra surveillearje yn de wyk De Drait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)