Auto Donald Duck yn museum

03 okt 2012 - 17:00

Yn it Grinzer stripmuseum komt in Fryske replika fan de auto fan Donald Duck te stean. Piet Voordes fan Dronryp hat it autootsje hielendal mei de hân makke. It weintsje is 5,5 sintimeter grut, mar alle details sitte der op en oan, ynklusyf in glimmende reade laklaach. Voordes tekenet al jierren foar de Donald Duck en wit krekt hoe't it autootsje der út sjocht. De replika is fan 20 oktober ôf te sjen yn it stripmuseum. Dêr is oant en mei jannewaris in eksposysje te sjen yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan Donald Duck yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)