Auto Dales wer te plak

28 okt 2006 - 14:28

De tsjinstauto fan boargemaster Geert Dales fan Ljouwert is sneon weromfûn yn Bilgaard. In jongen fan 16 út Ljouwert is yn ferbân mei dizze saak troch de plysje oanhâlden en oerbrocht nei it buro. De auto waard tongersdei stellen doe't er op it Hofplein parkeard stie.

De 16-jierrige jonge hat tajûn dat er de auto meinommen hat. Yn de auto leine it rydbewiis, it paspoart en twa paskes fan 'e sjauffeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)