Auto botst yn it tsjuster op ûnferljochte stielen kontener

07 des 2015 - 19:49
  • Auto botst op stielen kontener yn Akkrum

Yn Akkrum is moandeitejûn tsjin healwei sânen in auto op in grutte stielen ôffalkontener botst. De bak stie op de dyk It Patroan op it yndustryterrein. De kontener wie net ferljochte, en der siet sloophout yn.

De 27-jierrige bestjoerder út Drachten rekke ferwûne by it ûngelok. De automobilist is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Oer de aard fan de ferwûnings is noch neat bekend.

De gemeente hat nei it ûngelok de kontener markearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)