Auto botst twa kear tsjin fangrail op Wâldwei

27 sep 2015 - 12:56

Op de Wâldwei by Drachten is snein om it middeisoere hinne in auto fan de dyk rekke. De frou dy't de auto bestjoerde, rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto yn de berm. Nei in stjoerkorreksje sloech de auto twa kear tsjin de fangrail. De bestjoerder rekke ferwûne. In passazjier hie gjin ferwûnings. De dyk by Drachten hat in skoftsje ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)