Auto botst tsjin hynder

26 okt 2010 - 10:31
  • It hynder wurdt út 'e feart helle (foto: Jaring Rispens)

In autobestjoerder út Dronryp is moandei op de Froonackerdyk by Easterlittens tsjin in hynder oanriden. De man ried fan Dearsum nei Winsum, doe't er ynienen in hynder op de dyk stie. Hy koe it bist net mear ûntwike. It hynder bedarre yn de sleat. De brânwacht hat it derút helle.

In feedokter hat it hynder oan syn ferwûnings behannele. De man út Dronryp kaam mei de skrik frij, syn auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)