Auto botst tsjin gevel

07 mrt 2014 - 19:50

Op it Van der Leckplein yn de Ljouwerter Frijheidswyk is freed in auto tsjin de gevel fan in hûs oan botst. Twa famkes fan 14 en 16 jier âld woenen yn de auto muzyk lústerje. Dêrom draaide de motor.

Doe't de auto plots begûn te riden, skrok it âldste famke sa bot, dat se de pedalen yndrukte. De auto kaam úteinlik ta stilstân tsjin in hûs. De famkes rekken net ferwûne. De auto en it hûs hawwe skea oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)