Auto botst tsjin in beam by Nij Beets

08 des 2015 - 08:16

Op de Tokhekbuurt by Nij Beets is tiisdeitemoarn in auto tsjin in beam botst. De auto kaam troch noch ûnbekende oarsaak mei de beam yn botsing. De helptsjinsten moasten de bestjoerder út de auto knippe.

It duorre in oere foardat de persoan befrijd wie. It is net bekend hoe't de bestjoerder deroan ta is. De bestjoerder is oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)