Auto botst tsjin beam

01 apr 2010 - 15:18

By in iensidich ûngelok op de Ds. Visscherwei by Houtigehage is tongersdeitemiddei de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam. Hy kaam fêst te sitten yn 'e auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

Mei in ferwûning oan de rêch is it slachtoffer nei it sikehûs yn Drachten brocht. De gemeente hat de dyk ôfsletten om de boel op te romjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)