Auto botst op trein

23 mrt 2003 - 00:00

By Wolvegea is sneontejûn in auto op de intercity Ljouwert-Zwolle klapt. De 76- jierrige bestjoerder út Bantegea wie samar de spoarwei opriden, wylst de trein deroan kaam. In botsing wie it gefolch. De trein koe earst 600 meter fierderop ta stilstân komme.

De Bantegeaster siet beknipe, mar wie noch wol oansprekber. Nei alle gedachten hat er drank hân. De brânwacht hat de man derút helle en dêrnei is er nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)