Auto botst op frachtwein op Ofslútdyk

09 apr 2015 - 18:18
  • It ûngelok mei in persoane-auto en frachtwein op de Ofslútdyk

Op de Ofslútdyk ter hichte fan Breesândyk is tongersdei oan de ein fan de middei in persoane-auto op in frachtwein botst. De frachtwein stie yn de rjochting fan Fryslân te wachtsjen yn de file foar de brêge. De brânwacht moast der oan te pas komme om de doar fan de persoane-auto derút te heljen. De bestjoerster fan de auto siet net beknypt. Troch it ûngelok ûntstie der noch mear fertraging foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)