Auto botst op daam en bedarret yn sleat by Aldehaske

19 sep 2015 - 10:38
  • De helptsjinsten by de auto yn 'e sleat

By in ûngelok op de Nije Fjildwei tusken It Hearrenfean en Aldehaske is freedtenacht in autobestjoerder ferwûne rekke. De man rekke fan de dyk en botste tsjin in daam, wêrnei't de auto op 'e sydkant yn in sleat telâne kaam.

De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Der is ek in bloedproef ôfnaam. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)