Auto botst op brêge Terwispel

14 apr 2010 - 10:33
  • De brânwacht moast twa ynsittenden út de auto befrije (foto: www.hvnieuws.nl / Alex Zwart)

De plysje hat tiisdeitenacht it rydbewiis fan in Gordykster yn beslach naam, neidat er mei syn auto op de brêge fan Terwispel botst wie. By dat ûngelok op De Streek rekken trije minsken ferwûne, wêrûnder de man sels.

De oare twa slachtoffers sieten by him yn de auto. De brânwacht hat twa fan de trije befrije moatten omdat se bekneld sieten. De plysje giet der fanút dat de bestjoerder fierstente hurd riden hat en dêrtroch de macht oer it stjoer kwytrekke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)