Auto boargemaster Dales stellen

27 okt 2006 - 17:16

Ien fan de twa superdelúkse tsjinstauto's fan boargemaster Dales fan Ljouwert is tongersdeitejûn stellen. De blauwe BMW 525 stie foar it âlde stedhûs oan it Hofplein.

De doarren fan de auto wiene op slot, mar dat hat net holpen. De skea bedraacht sa'n 80.000 oant 90.000 euro. De gemeente hat oanjefte dien by de plysje. As jo in BMW mei it kenteken 66-PG-TN sjogge, dan meie jo dat trochjaan oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)