Auto-beller oanholden

03 mrt 2007 - 14:29

De auto fan in 42-jierrige ynwenner fan Raalte is ôfrûne nacht yn beslach nommen troch de plysje. Dat barde op de Langewyk yn Drachten. De plysje hâlde de man oan om't er net handsfree oan it beljen wie.

By de oanhâlding die bliken dat it rydbewiis fan de man net jildich ferklearre wie en dat er dat noch net ynlevere hie. Ek siet de man mei drank op achter it stjoer. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)