Auto bedarret yn sleat by botsing yn Ie, ien ferwûne

29 mrt 2016 - 13:58

By in oanriding op de Humaldawei yn Ie is tiisdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. Om healwei ienen hinne botsten troch noch ûnbekende oarsaak twa auto's opinoar. Ien wein rekke troch de klap yn de sleat. In ynsittende siet beknipe en moast der troch de brânwacht fan Eanjum úthelle wurde. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De ynsittenden fan de oare auto binne mei de skrik frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)