Auto 2 kear stellen yn 2 dagen

14 maaie 2013 - 11:45

De auto fan in 44-jierrige Ljouwerter is binnen 48 oeren tiid twa kear stellen. Yn de nacht fan snein op moandei waard de auto meinaam út de Camminghastrjitte. De eigener die hjirfan oanjefte by de plysje. Ek sette hy in foto fan syn stellen auto op facebook.

In freon seach de auto yn de omjouwing fan de Fabritiusstrjitte. Nei ûndersyk fan de plysje krige de Ljouwerter syn auto werom. Mar yn de nacht fan moandei op tiisdei waard de auto opnij stellen. De eigener hat wer oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)