Auto-ûngelok troch sms

31 des 2011 - 14:04
  • Plysje

De plysje hat freedtejûn in bloedproef ôfnaam by in 53-jierrige automobiliste út De Jouwer. De frou ried yn in bocht yn Aldehaske rjochttroch, rekke in tal pealtsjes, dêrnei in lantearnepeal en fleach doe mei de auto oer de kop. Neidat se troch plysjes út de auto helle wie, waard se foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Dat koe se nei ûndersyk wer ferlitte.

De frou ried nei alle gedachten rjochttroch yn 'e bocht omdat se oan it sms-en wie. Omdat it fermoeden bestie dat se dronken hie waard de bloedproef ôfnaam. It resultaat dêrfan is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)