Australysk avontoer foar Geert Arend Roorda

17 des 2015 - 15:41
  • Geert Arend Roorda spile yn 2012 noch foar NEC

Geert Arend Roorda ferfolget syn karriêre yn Australië. De âld-spiler fan ûnder oaren SC Hearrenfean fuotballet op it stuit op amateurbasis foar FC Dordrecht, mar makket yn 'e winterstop de oerstap nei Richmond SC.

Roorda hat in kontrakt tekene foar ien seizoen by de ploech dy't útkomt yn de twadde divyzje fan Australië. De 27-jierrige Roorda hat yn syn karriêre in soad hinder hân fan swiere blessueres. Sa skuorde hy ferline jier syn achillessine ôf doe't hy besocht in kontrakt te fertsjinjen by SC Cambuur.

Sneon spilet Roorda mei FC Dordrecht de lêste wedstriid foar de winterstop tsjin Achilles '29.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)