Aukje Visser ferstoarn

23 okt 2014 - 05:58
  • PvdA

Ald-PvdA-wethâlder fan Dongeradiel Aukje Visser is tiisdeitemiddei yn har wenplak Ingwierrum ferstoarn. Sy wie al in skoft siik. Visser wie nei har tiid as wethâlder ûnder oaren direkteur fan kringloopbedriuw 'De Wissel' yn Dokkum. Ek wie se de ôfrûne jierren belutsen by de Stichting Oud Dockum, monumintebehâld Dongeradiel, Gjin romte foar Wynhannel, Broodje KK Dokkum en de Fûgelpits. Aukje Visser is 56 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)