Aukes langer trener by LDODK

22 des 2010 - 12:18

Gerald Aukes ferlingt syn kontrakt by LDODK. De trener bliuwt noch trije seizoenen by de kuorballers. Aukes is dwaande mei syn fiifde seizoen by de klup út Terwispel/De Gordyk. De gearwurking is suksesfol.

By it begjin fan de gearwurking spile LDODK yn de earste klasse. No steane de kuorballers yn de sealkompetysje oan kop yn de haadklasse. Foarich seizoen waard LDODK kampioen yn dy klasse. Ek yn de fjildkompetysje komt LDODK út yn de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)