Auke Rauwerda op nûmer 1

07 jan 2010 - 14:25
  • De winkel is grôtfol ark en reau, mar de baas wit krekt wêr't alles te finen is...

De winkel fan Auke Rauwerda yn Ljouwert is it bêste Fryske bedriuw fan 2009. Dat is de miening fan de harkers fan Omrop Fryslân by de nûmer-1-enkête fan tongersdei. In soad minsken binne wiis mei it grutte assortimint fan de winkel. Der wurde bygelyks ljedders, ark en izerwaren ferkocht.

Fierder waard it bedriuw Frisia sâlt yn Harns gauris neamd. Ek meubelwinkel Gooi Design skoarde goed, mei de haadfestiging op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)