Auke Bijlsma nij yn de steaten

23 jan 2013 - 10:44

Auke Bijlsma fan Terherne is woansdeitemoarn beëdige as steatelid foar de FNP. De 60-jierrige Bijlsma nimt de sit oer fan Anna Martha van der Mei, dy't om persoanlike redenen út de steaten gien is.

Auke Bijlsma wie earder riedslid en wethâlder yn Boarnsterhim, ek siet er al twa kear in perioade yn de steaten. Bijlsma is yn it deistich libben brêgewipper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)