Augustus nijbou Bilgaard

27 jun 2007 - 15:23

Heal augustus sil begûn wurde mei de herbou fan it Ljouwerter winkelsintrum Bilgaard. Dat hat de projekt-ûntwikkelder bekend makke. Der wurdt earst begûn mei it bouryp meitsjen fan it plak dêr't de nijbou komt. Begjin septimber wurdt de earste peal foar de bou slein.

De noardkant fan it nije kompleks moat ein dit jier klear wêze. Winkelsintrum Bilgaard baarnde yn augustus 2006 foar in grut part ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)