Audysjes 'Sportman fan de ieu'

09 maaie 2004 - 00:00

De nije Fryske spylfilm 'Sportman fan de ieu' begjin hieltyd mear foarm te krijen. De haadrolspilers binne bekend en sneon wiene yn Ljouwert de audysjes fan de jonge rollen. De film fertelt oer in pealsitter dy't besiket it wrâldrekord te brekken.

Foar it ferhaal waard socht nei twa jonkjes en in famke fan in jier as tolve. De bern moasten Frysk prate kinne. Sa't it no liket binne de opnames foar de film yn augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)