Audysjes Kening Lear fan Tryater

14 jan 2003 - 00:00

Tryater hâldt sneon audysjes foar amateurs foar it stik Kening Lear. Mear as 60 spilers litte yn it Tryatergebou yn Ljouwert sjen wat se kinne. Der binne 20 rollen te ferjaan yn de klassiker fan Shakespeare. Ut de earste omloop wurde 20 spilers selektearre. Twa wiken letter wurdt yn de lêste omloop bepaald wa't watfoar rol krijt.

Kening Lear wurdt fan 20 maaie ôf spile yn it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. Rients Gratama spilet de haadrol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)