Audysjes D&D begong

02 maaie 2005 - 17:54

De earste útstjoering fan it programma Audysje D&D is op 11 maaie te sjen op Omrop Fryslân tv. Snein wiene de earste opnames. De winner fan de audysje krijt in grutte rol yn de nije Fryske dramasearje Dankert & Dankert.

Dy searje komt yn de hjerst op televyzje. Dankert & Dankert is basearre op de ûnderfinings fan de Fryske advokaten Anker & Anker. It is de opfolger fan de soap Baas boppe Baas. Steven de Jong is de regisseur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)