Auditteam: Cambuurstadion is in stik feiliger wurden

11 jun 2015 - 10:00
  • In posityf Auditrapport oer SC Cambuur

De feiligens om it stadion fan Cambuur yn Ljouwert is de ôfrûne jierren bot ferbettere. Dat is de wichtigste konklúzje fan it Auditteam Voetbal en Veiligheid. De situaasje is benammen bot ferbeterre troch de ferbouwing fan it útfak yn it stadion en de oanlis fan in nij parkearplak foar supporters fan de besikers.

Wol bliuwe der soargen oer guon supportersgroepen dy't noch altyd foar oerlêst soargje, mar gemeente en klup geane dêr goed mei om. Ek de lokaasje fan it stadion midden yn in wenwyk bliuwt in punt fan soarch.

Op dit stuit wurdt ûndersyk dien nei de ferpleatsing fan it stadion nei it WTC Expoterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)