Atzori wint Mearum

06 jul 2007 - 22:48

Umberto Atzori fan Zorgvlied hat freedtejûn it kritearium fan it Grinzer Mearum wûn. Op de foarlêste dei fan de meardaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier wie hy de rapste fan in kopgroep fan fiif man. Lambertus Koopmans fan Boalsert wie op it fiifde plak de bêste Fries.

Marco Bos fan Roden hat yn it algemien klassemint in foarsprong fan 27 punten op Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap. Sneon yn De Wylp de lêste dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)