Atzori wint kritearium Oerterp

21 apr 2014 - 18:06
  • Umberto Atzori wûn yn 2010 de Acht van Chaam

It kritearium fan Oerterp is peaskemoandei wûn troch Umberto Atzori. Op in wiet parkoers ûntstie der oan de ein in kopgroep fan fiif man. Yn de einsprint wie Atzori krekt wat rapper as Rudy Vriend dy't twadde waard. It tredde plak wie foar Martijn Lust.

By de froulju gong de winst nei Aafke Soet fan It Hearrenfean. Anouska Koster út De Westereen waard twadde, foar Mascha Pijnenborg út Drunen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)