Atte Jongstra wint Boudewijn Büch-priis

07 okt 2015 - 20:29
  • Atte Jongstra

Atte Jongstra út Terwispel hat dit jier de Boudewijn Büch-priis wûn. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan ien dy't him ynset foar it antikwaryske boek. Jongstra krijt de priis foar syn hiele oeuvre. Hy is ûnder oare skriuwer en resinsint foar NRC Handelsblad.

De priis wurdt dit jier foar de fyfde kear útrikt en is ferneamd nei skriuwer, dichter en presintator Boudewijn Büch. Jongstra krijt de priis op 21 novimber yn Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)