Atsma yn de bres foar parse

27 sep 2004 - 16:43

Keamerlid Atsma wol dat de saneamde kuiergongen yn de Twadde Keamer op tiisdei wer iepen geane foar de parse. Keamerfoarsiter Weisglas besleat ferline wike sjoernalisten de tagong te ûntsizzen fanwege tefolle lawaai.

Neffens Atsma is dat in 'socht argumint'. Hy wol Weisglas tiisdei yn it frage-oerke om opheldering freegje. It is foar it earst yn de skiednis fan it parlemint dat de foarsitter yn it frage-oerke op it matsje komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)