Atsma wol Skieding oanpakke

06 jun 2010 - 11:20

Gemeenten en provinsjes moatte har gau bûge oer oanpassing fan De Skieding. Dat fynt CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma. Op de dyk by Surhústerfean wurdt it hieltyd drokker.

Atsma fynt dat útsocht wurde moat as it besteande fytspaad ferfongen wurde kin troch in paralleldyk. Dêr kinne dan de trekkers ride, wêrtroch it ferkear op de dyk sels better trochride kin. Ek de krusingen moatte oanpakt wurde, fynt Atsma. It nedige jild moat neffens him fan it Ryk komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)