Atsma: swarte bledside fytssport

02 jul 2006 - 12:49

UCI-bestjoerslid Joop Atsma neamt it grutte dopingskandaal, dêr't ûnder oare de hurdfytsers Jan Ullrich en Ivan Basso yn neamd wurde, 'in swarte bledside' foar de hurdfytssport. Atsma fynt it posityf dat hurdfytsploegen fertochte coureurs sels weromlûke.

In foardiel fan it net starten fan 'e favoriten is dat de Tour dit jier tige iepen wurdt. Ek foar Pieter Weening lizze der kânsen, mooglik tiisdei al yn Valkenburg, tinkt Atsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)